Welkom bij VV Eastermar

Toernoai Fuotbalkoai tige slagge

Let op: opent in een nieuw venster PDFAfdrukkenE-mailadres

Laatst aangepast op zondag 19 juni 2016 11:47 Geschreven door PR zondag 19 juni 2016 11:29

It like der earst net sa bot op, want it tal oanmeldingen fia telefoan en e-post hâlde net
oer, mar saterdeitemiddei 11 juny wienen der dochs noch 25 dielnimmers by it
fuotbalkoaitoernoai oan it Harstepaad. Dizze jonges (famkes melden har net oan) koenen
har fuotbalfeardigens op trije ûnderdielen teste: heechhâlde, latsjetûk en panenka.

By ’t heechhâlden moat de bal sa faak mooglik mei fuotten, knibbels, boarst, holle
of oar lichemsdiel (behalve fansels earms/hannen) spile en fan ‘e grûn hâlden wurde.

Latsjetûk hâldt yn dat de bal fan ‘e middenline fan ‘e koai ôf op ‘e latte fan ‘e goal
sketten wurde moat. Dat mocht 3 kear besocht wurde.

In skoare by de panenka wurdt berikt as de bal - ek wer fan ‘e middenline ôf - mei in
boochje op it flak tusken de doelline, de achterkant fan ‘e goal en de beide sydkanten
stuitet. Ek hjir 3 pogingen.

Der waard yn twa leeftydsgroepen – basiskoallebern oant 13 jier en fuortset ûnderwiis
oant 19 jier – omraak striden om de troch de sponsorkommisje fan V.V. Eastermar
beskikber stelde prizen. De lieding wie yn goede hannen by de jonges fan ‘e
Behearsgroep Fuotbalkoai. Dy toernoaiorganisaasje koe nei in lyts oere fuotbalwille de folgjende priiswinners bekend meitsje:

Heechhâlde
oant 13 jier - earste priis Jacob Zeilstra (22x);
- twadde priis Johannes de Vries (14x)
13 o/m 18 jier - earste priis Johannes Couperus (249x);
- twadde priis Sijtze Nijboer (178x).

Latsjetûk
oant 13 jier - earste priis Johannes de Vries (2x);
- twadde priis Jacob Zeilstra (1x, wint yn ekstra ronde)
13 o/m 18 jier - earste priis Tristan Lahuis (2x);
- twadde priis Jurre Dam (1x, wint yn ekstra ronde).

Panenka
oant 13 jier - earste priis Johannes de Vries (2x);
- twadde priis Jacob Zeilstra (1x, wint yn ekstra ronde)
13 o/m 18 jier - earste priis Johannes Couperus (2x);
- twadde priis Sijtse Nijboer (1x, wint yn ekstra ronde).

Sa meie de earstepriiswinners har dus no de Eastermarder Kampioenen Heechhâlde,
Latsjetûk en Panenka neame.
Lokwinske mannen!

Ut namme fan ‘e Behearsgroep Fuotbalkoai,

Wijbe Postma

   

Selectie S.C. Heerenveen onder 15 bekend

Let op: opent in een nieuw venster PDFAfdrukkenE-mailadres

Geschreven door PR zondag 19 juni 2016 11:01

Op de site van S.C. Heerenveen staat een artikel, waarin ex-Eastermar-speler Sijtse Nijboer(foto) staat vermeld. Klik op onderstaande link om het te lezen:

https://www.sc-heerenveen.nl/nieuws/selectie-sc-heerenveen-onder-15-bekend/10

   

Pagina 1 van 47